Fan Fryslâns Ferline

Fan Fryslâns Ferline 歌词

流派Metal
时长3:38
原文语言NL
浏览量50
歌词坐标

原文歌词

NL
暂时没有翻译,当前显示原文歌词。
18
Heidensk fjoer teskroeit de grûn, de goadegeast is by ús Lieten klinke yn it rûn, skimen dûnsje troch de flammen Wy besjonge ear en rom, lit de foarfaars wer ferskine Fertelle fan dat frije folk en fan Fryslâns ferline Hokker man is sterker noch as ús Fryske mannen Wrottend yn ‘e kâlde klaai mei grutte geve hannen Hokker frou is moaier noch as ús Fryske wiif Hier sa blond as himelljocht en Fryslâns soan yn’t liif Hokker greid is griener noch as de Fryske greide 'T Fryske fee dat freedsum fret fan de pearske heide Hokker stam is heger noch as ús hege stamme Trochloftig Friezenfolk fan dy âlde namme Swolgen mea en hoarnen bier, proastend op ‘e tiid Dat der foar Fryslân fochten waard, foarop yn de striid Wy besjonge ear en rom, lit de foarfaars wer ferskine Fertelle fan dat frije folk en fan Fryslâns ferline