Deät Lun

Deät Lun 歌词

流派Metal
时长5:24
原文语言NL
浏览量26
歌词坐标

原文歌词

NL
暂时没有翻译,当前显示原文歌词。
18
Grien is dyn lân Read is dyn râne Wyt is dyn sân De kleuren fan ús Hilgelân Troch see omklamme, grien en stien In fêste rots foar eltsenien Forsites troan, bring ús hannel en rjocht Hillich lân op dy bin wy Friezen sljocht Deät Lun Goaden en keningen, hearsker en tsjinners Sy klonken op Hilgelân, hoarnen fol mea Weda, hy brocht dêr de tolve asegas Sy doarmen yn’t tsjuster, hy hearde har bea Mei in gouden bile tespjalten hja dyn grûn Út dy brûzjende boarne streamde it rjocht Ferbûn doe de stammen en smeide de sibben Frijdom wie de heechste wet yn it Fryske hert Tongere hat it yn dyn blauwe loften Fjoer en ferdjer frieten oan dyn geve lea Wjerljocht en wriggen spoeken rûnom dy Al hoe tsjuster it ek wie, dyn flam dôve nea Reade rots fan Anna en sêft sân fan Düne In haven ha jim west foar eltse Fries Foar Klaus Störtebeker mei syn Likedielers Foar striders en rôvers, foar eltse biis