가사 좌표
NL원문 가사
번역이 아직 없습니다. 원문 가사를 표시합니다.
Fostedina Fostedina
Dochter fan kening Redbad
Du hast de kristenen untsnappen litte
En dat silstu witte
De oare moarns sa gau de sinne op is
Giet it yn optocht nei de skandepeal
Fostedina rint tusken de priesters
Alhiel yn sniewite klean
In alde priester bynt har oan'e peal fest
Dan nimt er in kroan fan hagedoarn
En triuwt dy Fostedina
Op 'e moaie prinsesseholle
De toarnen gean har djip yn it fleis wei
It bloed rint har by strieltsjes it gesicht del
Sa stiet hja der de hannen op 'e rech bun
De hiele dei, de hiele lange jun






